Kearndoelen Frysk net omleech

16 mrt 2005 - 17:16

De kearndoelen foar it Frysk op de basisskoalle geane net omleech. Sa ha de politike partijen woansdei yn de Steaten besletten. Guon skoallen kinne net foldwaan oan de easken foar it Frysk, ûnder oare om't der te min Frysktalige learkrêften binne.

Deputearre Steaten woene dêrom de kearndoelen ferleegje. Deputearre Bertus Mulder hammere woansdei foaral op de praktyske problemen dy't deselde kearndoelen opsmite sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)