Senioarewenten yn Aldeboarn

© Omrop Fryslân
Der komme nije senioarewenten yn Aldeboarn. Wenningboustifting Welkom hat it stik grûn fan it eardere molkfabryk yn it doarp kocht. Dêr komme op syn minst tweintich nije hûzen foar âlderen op. Der komme ek acht iengesinshûzen.
Dêrmei komt in ein oan mear as tsien jier diskusje oer de nijbou foar âlderein yn Aldeboarn. De ynwenners fan it doarp kinne har fine yn de nijbouplannen.