PvdA easket bettere taksyservice

16 mrt 2005 - 07:05
Foto: Omrop Fryslân

De steatefraksje fan de Partij van de Arbeid hat krityk op de nije thúsbringservice yn it iepenbier ferfier. Dizze taksyservice is bedoeld foar minsken dy't troch besunigings yn it iepenbier ferfier jûns en yn it wykein net mear mei in streekbus nei hûs ta komme kinne. Wa't gebrûk meitsje wol fan de thúsbringservice moat in spesjaal tillefoannûmer belje.

Dat nûmer is neffens de PvdA djoer en faak ûnberikber.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)