Oerlis oer konvenant Boalsert

© Omrop Fryslân
Der is tiisdei oerlein oer in nij horekakonvenant foar Boalsert. Undernimmers, plysje en gemeente sieten om de tafel om ôfspraken te meitsjen oer de feiligens fan de omjouwing fan horekagelegenheden.
Der binne winsken en knipepunten ynventarisearre. De gemeente Boalsert wurket dy út ta in konsept. De ferwachting is dat it konvenant foar de simmer klear is.