Krityk Frysk CDA op lanlik CDA

© Omrop Fryslân
De Fryske CDA-leden fine it dreech om de kristlik-sosjale prinsipes werom te finen yn it lanlik belied fan de partij. Dat die bliken op in gearkomste foar leden moandeitejûn. Dêr soe praat wurde oer de C fan it CDA, mar al gau stelden de leden allegear sosjale misstannen oan de kaak.
Frysk CDA-foarsitter Miedema erkent dat der in grutte ôfstân is tusken de idealen fan de Fryske CDA'ers en de Haachske polityk.