Amelân: ozb mei 6% omheech
De ozb op it Amelân wurdt mei seis persint ferhege. Dat hat de ried moandei besluten.
It kolleezje hie foarsteld om de belesting op ûnreplik guod mei fyftjin persint te ferheegjen, mar de ried gie dêr net mei akkoart. De gemeente Amelân hat in tekoart fan trije ton op de begrutting, en it kolleezje woe mei de ozb-ferheging dat tekoart opfange. Mooglik wurde der no in pear grutte projekten skrast.
Trefwurden:
argyf