Miljeufederaasje wol MER

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Eaststellingwerf praat tiisdei oer de plannen foar in wynmolepark yn de gemeente. It giet om acht molens en de fraach is oft der ek in MER útfierd wurde moat. Dat is in ûndersyk nei de gefolgen foar de natuer fan dat wynmolepark.
Earder is al yn in rapport konkludearre dat der foar it wynmolepark gjin MER hoecht te kommen. De Miljeufederaasje fynt fan wol. It park kin skealik wêze foar de fûgels.