Beamroaie mei net mear

15 mrt 2005 - 15:56

Beamroaiers koene tiisdei foar it lêst har wurk dwaan. Fan 15 maart oant 'e mei 15 juny meie se neffens de Flora- en Faunawet neat mear dwaan. Se fersteure de fûgels yn it briedseizoen. De wet bestiet al jierren, mar wurdt hieltyd mear oanskerpe.

De roaiers meie no neat mear dwaan, wylst boeren wol meane mei at se mar om de fûgels tinke. By beammeroaibedriuw Van der Wal fan Noardburgum is foar 10 man de kommende trije moanne gjin wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)