Jonge drugshanlers oanpakke

15 mrt 2005 - 11:16

Jongeren dy't feroardield wurde foar drugshannel meie tenei in flink skoft net mear yn kafees yn de stêd komme. Fierder sil it hoarekakonvenant opnij besjoen wurde en as it nedich is, oanskerpe wurde. Dat hat de Boalserter hoareka besletten, nei oanlieding fan de drugssaak dy't dêr spilet.

De ôfrûne moannen waarden 30 jongeren út Boalsert oppakt fanwege hannel yn drugs of belutsenheid derby. De saak soarge foar in soad ûnrêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)