Bysûnder skip yn Skipfeartmuseum

14 mrt 2005 - 18:39

It Frysk skipfeartmuseum yn Snits krijt in bysûndere oanwinst. It giet om in ivoren blommeskip út de 18e ieuw. It is doedestiids as souvenir kocht yn Sina troch in seeman yn tsjinst fan de VOC.

Neiteam fan de man hat it ferline jier feile litten. It is doe oankocht troch de Ottema-Kingmastifting. Dy jouwt in soad keunst yn brûklien oan musea. It ivoren skipsmodel wurdt freed yn Snits presenteard, fanwege it 50-jierrich bestean fan de Ottema-Kingmastifting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)