De Jouwer ferliest fan Be Quick

© Omrop Fryslân
Yn de haadklasse C ferlear De Jouwer sneintemiddei mei 4-1 fan Be Quick '87 út Grins. Al nei 4 minuten spyljen stie De Jouwer mei 1-0 achter, nei in misferstân yn de ferdigening fan de Jousters.
Be Quick kaam op 2-0 wêrnei't Anne Hornstra de Jousters wer werom yn de wedstriid brocht. Yn de sechsde minút fan de twadde helte moast De Jouwer fierder mei 10 man. Yn de slotfaze rûn Be Quick út nei de einstân fan 4-1.