Twa gefallen mishanneling eks

15 mrt 2012 - 10:08

Yn Ljouwert en op De Lemmer binne woansdei twa manlju oanhâlden omdat se har eksen mishannele hiene.

Yn Ljouwert krige in 26-jierrige man spul mei syn eks-frou. Hy mishannele har. Sy belle 112 en de fertochte is koart dêrnei oanhâlden troch de plysje.

Op De Lemmer krige in man fan 20 rúzje mei syn eks-freondinne. Hy koe koe de hannen net thúshâlde. De frou belle de plysje. Dy hat de man meinaam en fêstset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)