Hearrenfean ferliest fan RKC

14 mrt 2005 - 10:47

SC Hearrenfean hat sneon mei 1-2 ferlern fan RKC Waalwijk. It spul waard dominearre troch Hearrenfean, mar se koene hast gjin gefaar feroarsaakje. Foar rêst wie allinnich Yildirim ticht by in treffer. Hy skeat út in frije traap tsjin de latte.

RKC wachte rêstich ôf en grypte syn kâns mei in rappe counter. Samaras makke gelyk, mar in mislearre skot fan Putter brocht de beslissing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)