Skiep dea by brân yn Driezum

13 mrt 2005 - 17:41

By in brân yn in skuorre oan de Van Sytsemawei yn Driezum binne yn de nacht nei snein in pear skiep en in pear lamkes dea rekke. It fjoer ûntstie om likernôch 03.00 oere.

De brânwacht wie gau te plak, mar koe net foarkomme dat der fee by de brân omkaam. It fjoer is nei alle gedachten ûntstien troch in waarmtelamp yn de skuorre. Dy wie ophongen om de krekt berne lamkes waarm te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)