'Mear parkearromte Drachten'

13 mrt 2005 - 14:53

Riedslid Oosterhuis fan Smellingerlân fynt dat der mear parkearromte komme moat by it plysjeburo oan it Moleneind yn Drachten. Hy hat foar syn kollega's in rapport makke oer it parkearen yn Drachten.

Oosterhuis fynt it frjemd dat de plysje no syn auto's yn bygelyks de Houwingstrjitte delset. Hy tinkt ek dat der parkearplakken komme kinne efter it Veem en op it VVV-terrein. Syn advizen wurde woansdei oer in wike bepraat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)