Frou ferwûne op Skylge

13 mrt 2005 - 14:35

In helikopter is sneon oan de ein fan de middei ynset om in ferwûne frou oer te bringen fan Skylge nei sikehûs MCL yn Ljouwert. De frou, fan 37 jier út Woerden, wie oan it hynsteriden op it Noardseestrân by Formerum. Se kaam dêrby te fallen.

De frou rekke ferwûne oan de rêch. De dokter op Skylge seach net genôch mooglikheden om har sels te behanneljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)