Dales poer oer wenlestediskusje

© Omrop Fryslân
Boargemaster Dales fan Ljouwert hat skjin syn nocht fan de diskusje oer syn wenlêste-fergoeding. Neffens Dales is it ûnbegryplik en net oanfaardber dat der sels keamerfragen oer steld binne.
De ferlinging fan de fergoeding fan syn wenlesten is neffens de regels, en dus gjin reden ta keamerfragen, stelt Dales. Ek yn de Ljouwerter gemeenteried spilet de kwestje. Dales hat syn hûs yn Amsterdam noch net ferkocht en krijt dêrom in fergoeding foar syn wenlesten.