Mear aken by Garnalefabryk

© Omrop Fryslân
As it oan stichting It Fiskersskip leit, wurdt de bou fan fiskersskippen in kontinu proses by it eardere garnalefabryk yn Peasens-Moddergat. Dêr wurdt no wurke oan in Wierumer aak dy't foar it farseizoen fan 2007 klear wêze moat.
De stichting wol ek in aak bouwe dy't lizze bliuwe kin by it besikerssintrum fan it garnalefabryk. Wethâlder Ate Oosterhof iepene sneon it seizoen fan it besikerssintrum yn Peasens-Moddergat.