Molenbosk opknapt

13 mrt 2005 - 14:02

It opknappen fan de Molenbosk by Aldeberkeap wurdt dizze wike ôfsluten mei it pleatsen fan in paneel mei ynformaasje. Dêrop is te lêzen watfoar beammen en fûgels der yn de bosk binne en hoe't de bosk ûntworpen is.

Pleatslik Belang fan Aldeberkeap is eigner fan de Molenbosk en hat it opknappe litten. De fivers binne skjinmakke, der binne jonge beamkes pleatst en nije brechjes oanlein. De Ingelske lânskipsstyl is bewarre bleaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)