Krekt gjin winst foar Flyers

© Omrop Fryslân
De Flyers binne der freed krekt net yn slagge om in oerwinning te beheljen yn de earste wedstriid yn de play-offs fan de finale om it Nederlânsk kampioenskip iishockey. Yn en tsjin Amsterdam waard it nei ferlinging 5-4.
Yn de tredde perioade stienen de Flyers noch mei 3-4 foar, mar Amsterdam makke noch gelyk. Yn de ferlinging pakten de Amsterdammers dochs noch de oerwinning. Sneontejûn wurdt yn Thialf de twadde wedstriid spile.