Keamerlid Algra foar rjochter

12 mrt 2005 - 14:14

Twadde Keamerlid Algra fan Jobbegea moast freed foar de rjochter ferskine. De gemeente Hearrenfean wol dat er in houten needkantoar by syn hûs weihellet. Dêroer hie de gemeente him in oantekene brief stjoerd, mar Algra seit dat er it brief nea sjoen hat. Hy wie op fakânsje.

De gemeente is dêr net fan ûnder de yndruk en driget mei in boete fan goed 6000 euro. De rjochter yn Ljouwert docht moandei útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)