Tydlik ûnderdak museumbussen

© Omrop Fryslân
It Noardlik Iepenbierferfiersmuseum yn Ousterhaule jout de kommende tiid ûnderdak oan seis âlde bussen út Amsterdam. Se binne fan it Museum Streek- en Stadsautobussen Amsterdam.
De bussen wurde yn Fryslân stald omdat de gemeente Amsterdam it museum sletten hat. De hiele kolleksje fan tritich bussen wurdt yn ôfwachting fan in nij ûnderkommen dêrom no troch it hiele lân útsutele. Der binne bussen út 1962 en 1974 by.