Avanti wint fan Wijchen

© Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan Avanti hawwe foar it earst dit jier in wedstryd wûn. Thús yn Stiens waard Niumaga út Wijchen mei 3-2 oan de kant set.
De oerwinning jout de Stiensers noch in lyts bytsje hoop dat se yn de earste divyzje bliuwe kinne. Mar dan moat der yn de lêste fiif wedstriden fan it seizoen seker noch in pear kear wûn wurde.