Fersyk Keamer:posityf oer soarch

© Omrop Fryslân
It meldpunt soarch op De Jouwer benadert no ek Twadde Keamerleden mei de fraach om minder iensidich te praten oer ferpleechhûzen. As reaksje op de oanhâldende negative publisiteit oer de sektor waard ferline wike al in webside opsetten. Neffens it meldpunt soarch is der al in soad belangstelling foar dy site. Alle dagen soe de side troch 800 minsken besjoen wurde.
Alle keamerleden krije dizze wike noch in brief fan it meldpunt.