Nije gymtastellen Menameradiel

12 mrt 2005 - 13:04

De gemeente Menameradiel lûkt 16.000 euro út om de tastellen en oare materialen yn de gymnastyklokalen wer by de tiid te krijen. Yn Menameradiel stean seis gymnastyklokalen.

Yn it ferline is der in list makke troch de gemeente fan saken dy't der op syn minst yn de lokalen oanwêzich wêze moatte. Nei oerlis mei de gebrûkers hat bliken dien dat der yn guon sealen al langer bepaalde tastellen ûntbrekke of stikken binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)