Brandsmamuseum krijt ikoan

© Omrop Fryslân
It Titus Brandsmamuseum yn Boalsert hat freed in ikoan fan de sillich ferklearre Brandsma krigen. De ikoan is skildere troch Geert Hüsstege. Twa partikulieren ha it inisjatyf foar it skilderij nommen.
Brandsma is ôfbylde yn in tradisjoneel Karmelhabyt. Hy hat as attributen in Byzantyns krús en in krante by him. Dat lêste ferwiist nei syn striid foar frijheid fan mieningsuterjen. Brandsma is yn 1942 yn Dachau stoarn.