Fertochte brân bliuwt fêstsitten

11 mrt 2005 - 16:43
Foto: Omrop Fryslân

De man dy't fertocht wurdt fan de brânstifting by Friesland Foods yn Ljouwert, moat noch seker 14 dagen fêstsitten bliuwe. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten.

De man waard yn de nacht fan snein op moandei oppakt troch personeel fan Friesland Foods. Hy hat yntusken bekend. De brân hat foar tsientallen miljoenen euro skea oanrjochte. Allinne oan de masjines is al foar tusken de 10 en de 15 miljoen euro skea ûntstien.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)