Fotokeunst yn Ljouwerter wyk

11 mrt 2005 - 15:23

In keunstwurk om de buert op te knappen. Yn de Ljouwerter wyk Oldegalileën gongen buurtbewenners tongersdei op de foto. Hystoaryske printen fan de wyk tsjinje as foarbyld. De foto's wurde op tegels ôfdrukt.

De tegels komme te hingjen by it slim fertutearze bankje by de Dokkumer Ie. Dêr sitte no foaral swalkers. Keunstneres Hanneke Roelofsen hopet dat de buert it bankje yn 'e takomst wer brûke sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)