Plysje mei snieskower oanfallen
In man (68) út Reduzum hat tongersdeitenacht de plysje mei in snieskower oanfallen. Pas nei't in plysjehûn him yn de snieswkower fêstbiten hie, koe de man lang om let oppakt wurde.
De plysje kaam by de man nei't buorlju klage hienen oer lûdsoerlêst. De man sloech it rút út syn foardoar en driigde de plysje mei it glês. Dêrnei iepene er de doar en woe de plysje oanfalle mei de snieskower.
Trefwurden:
argyf