Skylge wegeret âld-ynwenster

11 mrt 2005 - 12:32

In âld-ynwenster (81) fan Skylge mei net weromferhúzje nei it eilân. Dat hat de rjochter yn Ljouwert bepaald. De frou hat 20 jier op Skylge wenne. Se sit no yn Hurdegaryp, mar wol dêrwei om't jongerein har lestichfalle.

De rjochter joech de gemeente Skylge gelyk. De gemeente wegeret frou Bouma in hûsfestingsfergunning omdat de frou gjin ekonomyske en maatskiplike bining mei it eilân hat. Har famylje wennet dêr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)