Gjin tongblierjild motorclub

© Omrop Fryslân
In motorklub fan De Jouwer krijt gjin fergoeding út it tongblierfûns, sa hat de rjochter yn Ljouwert bepaald. Earder wiisde de provinsje de fergoeding ek al ôf. De motorklub fjochte dat by de rjochter oan, mar dy jouwt de klub no gjin gelyk.
Fan de gemeente Skarsterlân mocht de klub mei de tongblierkrisis yn 2001 net traine op de akkommodaasje. Dat betsjut in skeapost fan 17.000 euro. De klub wol dat jild út it tongblierfûns hawwe.