Parkeargaos Bûtenpost bliuwt

© Omrop Fryslân
De 78 ekstra parkearplakken by it NS-stasjon yn Bûtenpost ha net folle feroare yn de gaos dêr. De strjitten by it stasjon stean noch hieltyd fol mei auto's. Dat, wylst it parkearterrein foar de helte leech is. Dat sei de fraksje fan it CDA tongersdei yn de gemeenteried fan Achtkarspelen.
De parkearde auto's soargje yn de strjitten foar gefaarlike en lêstige situaasjes, seit it CDA. De partij wol in parkearferbod foar guon strjitten.