Buro Surhústerfean bliuwt ticht

11 mrt 2005 - 10:41

It is lang net wis at it plysjeburo oan De Dellen yn Surhústerfean wer iepen giet. Boargemaster Lyklema fan de gemeente Achtkarspelen fynt dat de post allinnich wer iepene wurde kin as der garânsjes jûn wurde. Dat sei er tongersdei yn de gemeenteried.

De boargemaster fynt dat de post pas iepen kin at dúdlik is dat dat foar langere tiid is. It buro yn it sintrum fan Surhústerfean gong yn novimber ticht omdat der te min personiel wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)