Kennisynstitút duorsume enerzjy

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt in kennisynstitút foar duorsume ynnovaasje. De trije noardelike provinsjes stekke dêr trije miljoen euro yn. It sintrum moat de kennisekonomy op in heger peil bringe. Dan giet it om saken as wetter, enerzjy, toerisme en rekreaasje.
De technykse universiteiten yn Delft en Eindhoven dogge ek mei oan it kennissintrum. De provinsjes hoopje op dy wize in soad akademyske kennis nei it noarden ta te heljen.