Riedslid VVD wurdt boargemaster
It VVD-riedslid Niels Joosten fan Hearrenfean is beneamd ta boargemaster fan de gemeente Brummen. De 40-jierrige Joosten folget frou Blok op, dy't op 1 maaie ôfskie nimt fan Brummen.
Joosten wie twa jier lyn noch yn de race as boargemaster fan Gaasterlân-Sleat. Hy einige doe efter frou De Roos-van Rooden, de hjoeddeiske boargemaster fan Gaasterlân-Sleat. Joosten is ek lid fan it haadbestjoer fan de VVD.
Trefwurden:
argyf