Sinnestriel op Saskia's grêf

© Omrop Fryslân
Fertsjinwurdigers út it Bilt hawwe woansdei yn Amsterdam in spesjaal momint meimakke. Se wiene tsjûge fan in sinnestriel dy't krekt om 08.39 oere op it grêf fan Saskia van Uylenburgh foel. De Fryske frou fan skilder Rembrandt leit dêr begroeven. Ien kear yn it jier skynt de sinne krekt eefkes op it grêf.
De Biltkers organiseare fanwege it 500- jierrich bestean fan It Bilt in útstalling oer Saskia, yn de bibleteek fan Sint Anne. Dêr hat se ek wenne.