Friesland Foods: 25% mear winst

10 mrt 2005 - 15:41

Suvelbedriuw Friesland Foods hat ferline jier 25% mear winst makke as yn 2003: 70 miljoen euro. Dat is foaral it gefolch fan legere pensioenlêsten en trochdat it bedriuw de kosten better yn de hân hâlden hat.

De omset fan it bedriuw is ferline jier mei 3% sakke nei 4,4 miljard. Dat komt troch de legere valutakoersen en troch minder molke-oanfier fan melkfeehâlders yn Nederlân. Dat hat it bedriuw tongersdeitemoarn bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)