Sniebalinsident ek skuld Sparta

© Omrop Fryslân
De supporters fan SC Cambuur binne net allinnich skuldich oan it sniebal- insidint fan ôfrûne freed yn de wedstryd tsjin Sparta. Ek de keeper fan Sparta, Frank Kooiman, is dêr ferantwurdlik foar. Dat seit direkteur Ritske Merkus fan Cambuur.
Neffens Merkus lokke Kooiman de sniebalsmiterij út troch nei it winnende doelpunt fan Sparta de middelfinger op te stekken nei de fanatike oanhing fan Cambuur.