Lonsdaleferbod yn Quatrebras

© Omrop Fryslân
Lonsdaleklean binne tenei ferbean yn diskoteek Quatrebras by Noardburgum. Ek de merken Hooligan, Pitbull en Hardcore binne yn de disko net mear tastien. De merken binne populêr by in part fan de besikers en dy yntimideare dêrtroch oaren te folle.
Boppedat wurde de merken faak yn ferbân brocht mei ekstreem-rjochts en nazisme. Allinnich op saneamde hardcore- en gabberfeesten mei de jeugd de truien en de shirts noch oan ha.