Provinsje ferdielt subsydzjes

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert krijt goed fiif ton út it ynvestearringsfûns fan de provinsje foar in projekt wykfoarsjennings. Ek de Dokterswacht en sûnensorganisaasje GGD Fryslân binne bedield mei beide sawat twa ton. Mei inoar hat de provinsje oan 21 projekten in bijdrage út it fûns takend.
It giet dan om in bedrach fan hast twa miljoen euro. De provinsje wol sa it sosjale belied stypje.