Van der Velde Boeken ferhuzet
Boekhannel Van der Velde yn Ljouwert is ferhuze. Se sitte no yn in gebou oan de stille kant fan de winkelstrjitte Nijstêd. Earder siet de boekesaak op de oare kant fan de Nijstêd. It nije gebou waard tiisdei iepene troch wethâlder Van Mourik.
Van der Velde heart mei De Tille ta de twa grutste boekhannels fan Ljouwert en fan Fryslân. Oan de Ljouwerter Nijstêd komt ek in festiging fan twaddehâns-boekhannel De Slegte.
Trefwurden:
argyf