Gjin gearwurking skoallen Starum

© Omrop Fryslân
De gearwurking tusken de kristlike en iepenbiere skoalle yn Starum is fan de baan. Alden fan de kristlike skoalle Skutslús hiene beswier yntsjinne tsjin de gearwurking. Se wienen lulk om't se net op de hichte wienen oer de gearwurking.
It fuortbestean fan de iepenbiere Meester Otterskoalle komt no yn gefaar. Se ha dit jier mar 23 bern. Ien minder betsjut dat de skoalle de doarren slute moat.