Te hurd ride en stellerij

09 mrt 2005 - 15:12

In 22-jierrige man út Koatstertille is tiisdei syn rydbewiis kwytrekke omdat er te hurd ried. Earst wie dat op de Ryksstrjitwei by Tytsjerk. Letter by Swarteweisein trape er noch ris goed it gaspedaal yn. Dêr meie je santich kilometer yn 'e oere ride, mar hy hie goed hûndert-fjirtich op de teller te stean.

Yn Damwâld is in ynwenster fan Feanwâlden betrape op stellerij yn in supermerk. Se hie guod yn 'e bûsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)