Gjin brûkersromte oan de Tunen

© Omrop Fryslân
De brûkersromte foar drugsferslaafden yn Ljouwert komt net oan de Tunen. De riedskommisje is dêrop tsjin, lykas de omwenners en de brûkers fan de deiopfang dy't no oan de Tunen sit.
Dochs lûkt it kolleezje it foarstel net yn. Neffens wethâlder Hafkamp moatte de riedsleden dan mar mei in better foarstel komme. It kolleezje wol in mienskiplike opfang foar dakleazen, alkoholferslaafden en drugsferslaafden oan de Tunen.