Nije help loverboysslachtoffers

© Omrop Fryslân
Slachtoffers fan loverboys krije tenei help by de weromkear yn de maatskippij. Fammen dy't twongen yn de prostitúsje bedarre binne en derút stappe wolle kinne no al terjochte yn it tehûs Asja. Dat is beskerme en sit op in geheim plak. De nije opfang is folle iepener.
De fammen krije yn de nije foarm fan opfang noch wol begelieding, mar se leare harren mear sels te rêden. De nije opfang is al út ein set en wurdt op 1 maaie feestlik iepene.