Gemeentehûs yn Drachten grutter

09 mrt 2005 - 15:05
Foto: Omrop Fryslân

It gemeentehûs yn Drachten krijt der in nije fleugel by. Hy moat komme oan de eastkant fan it besteande gemeentehûs. De gemeenteried fan Smellingerlân is dêr tiisdei mei akkoart gien.

Hoe't it nije gemeentehûs der krekt út komt te sjen, wurdt letter noch besjoen. Alwol dúdlik is dat njonken de oanbou oan de eastkant fan it besteande gemeentehûs, dêr't de amtners no yn sitte, ek ferboud wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)