Fryske broers liede kuorbalfeest

© Omrop Fryslân
De Grousters Jan Henk en Albert Hoeksma hawwe op sneon 19 maart de lieding by de sealkuorbalfinale yn sportpaleis Ahoy fan Rotterdam. Jan Henk Hoeksma is de skiedsrjochter, syn broer Albert de assistint. It is foar it earst dat in twatal út Fryslân de lieding hat by dit grutte kuorbalfeest foar likernôch 10.000 taskôgers. De finalisten foar de finale wurde it kommende wykein bekend. Dan binne de krúsfinales yn Grins.