Dales is gjin ynwenner Ljouwert

09 mrt 2005 - 10:29

Boargemaster Dales fan Ljouwert wennet offisjeel noch hieltyd yn Amsterdam. Syn hûs dêr is noch net ferkocht. Dales is yn maaie in jier yn Ljouwert en hy hat hjir ek in hûs yn de nijbouwyk Suderbuorren. Yntusken betellet de gemeente Ljouwert it grutste part fan syn wenkosten om't Dales oars mei dûbele kosten komt te sitten.

Dy fergoeding wurdt no mei in heal jier ferlingd. Yn novimber moat it hûs yn Amsterdam dan ferkocht wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)