Waadferiening siket kapitein

14 mrt 2012 - 21:27

Der binne tefolle minsken dy't oan de toutsjes lûke yn it waadgebiet. En dat giet úteinlik te'n koste fan it Waad, sa tinkt de Waadferiening. Mei in ludike ferkiezing hoopje se dat probleem op de kaart te setten. Yn dy ferkiezing op ynternet binne se op syk nei de machtichste man of frou fan it Waad.

De nominaasjes binne foar in part hiel serieus, mar der sitte ek wat minder serieuze kandidaten tusken trochdat elkenien minsken nominearje kin. Op dit stuit stiet Lenie 't Hart fan Seehûnekresj Pieterburen boppe-oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)