Petearen Atoglas ôfbrutsen
De ûnderhannelings oer it iepenhâlden fan it fabryk fan Atoglas yn Ljouwert binne ôfbrutsen. Dat makke fakbûn CNV tiisdei bekend.
De direksje hat neffens it fakbûn te min foech om noch fierder te ûnderhanneljen oer bygelyks in sosjaal plan. De direksje fan de Ljouwerter festiging moat de haaddireksje yn Frankryk earst mar ris freegje om mear romte. Tiisdei wie der wer in stakingsgearkomste.
Trefwurden:
argyf